Ronald Giphart | ||
skriuwer | ||
Ronald Giphart yn 2007. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ronald Edgar Giphart | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 desimber 1965 | |
berteplak | Doardt (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, non-fiksje, deiboek, kollumns, senario's | |
bekendste wurk(en) |
Ik Ook van Jou Phileine Zegt Sorry Ik Omhels Je met Duizend Armen Der Is Gjin Dêr, Dêre | |
prizen | Gouden Ezelsear 1993 C.C.S. Crone-priis 2004 | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
offisjele webside | ||
www.giphart.nl |
Ronald Giphart (folút: Ronald Edgar Giphart; Doardt, 17 desimber 1965) is in Nederlânsk skriuwer, publisist, kollumnist, senarioskriuwer en presintator. Hy is benammen bekend wurden fan 'e romans Ik Ook van Jou, út 1992, en Phileine Zegt Sorry, út 1996. Yn 2003 skreau er it nasjonaal boekewikegeskink, de kontroversjele novelle Gala. Yn Fryslân makke er dêrnjonken noch namme troch yn datselde jier in koarte novelle yn it Frysk út te bringen.